Gjin feroarings by SC Cambuur

© Omrop Fryslân
Sportklup Cambuur spilet woansdei yn de bekerwedstriid tsjin VVSB mei deselde alve spilers as de lêste wedstriid tsjin Veendam. Trainer Stanley Menzo kin noch altyd net beskikke oer Sandor van der Heide, Mark de Vries en Robert van Boxel, dy't alle trije in blessuere hawwe.
De Vries hopet der sneon tsjin Den Bosch wer by te wêzen. Leon Hese is tsjin VVSB noch skorst, mar is der sneon wer by. Foar Van der Heide en Van Boxel komt dy wedstriid te betiid.