Asbest Raadhúsplein Drachten
De sloop fan in tal gebouwen oan it Raadhuisplein yn Drachten rint fertraging op. Yn de gebouwen sit mear asbest as earder tocht waard. Der moat no in nij plan makke wurde dêr't yn stiet hoe't dat asbest der úthelle wurde moat. Foar dat oprêden jilde strange regels.
De gemeente ferwachtet dat it asbest no begjin novimber fuort is, dat is in pear wiken letter as hope waard. De ekstra kosten komme foar rekken fan de projektûntwikkeler.
Trefwurden:
argyf