Fryske soargen op Prinsjesdei

21 sep 2010 - 11:12

De foarnommen besuniging fan in nij kabinet binne in gefaar foar de soarchsektor yn Fryslân. Dat sei Kommissaris fan de Keninginne John Jorritsma tiisdei by it moarnsbrochje foar Fryske keamerleden yn Den Haach. Jorritsma is benaud dat de besunigings de streeksikehuzen yn Fryslân reitsje sille.

Hy makket him ek soargen oer it iepenbier ferfier yn de provinsje en de ûntwikkeling fan it plattelân.

Trefwurden: 
argyf
(advertinsje)