Ljouwerter dielt klappen út

21 sep 2010 - 10:13

In 41-jierrige Ljouwerter is oanhâlden omdat er yn syn wenplak in frou mishannele hie. Tsjûgen seagen dat de man in frou mishannele op de Bordineweg en bellen 112. It die bliken dat de frou ferskate klappen yn it gesicht krigen hie.

De man is oanhâlden en meinommen nei it plysjeburo. It slachtoffer wie in 47-jierrige frou út Den Haach.

Trefwurden: 
argyf
(advertinsje)