Dochs CO2-opslach yn Fryslân

Wethâlder Marten van der Veen
Der komt dochs in opslach fan CO2 yn Fryslân, ek al is de provinsje dêr oant no ta op tsjin. Op in gearkomste moandeitejûn yn Gruttegast die bliken dat de ûndergrûnske lokaasje foar in part trochrint op it grûngebiet fan Achtkarspelen en Kollumerlân. Wethâlder Marten van der Veen fan Achtkarspelen wie der oant no ta fan útgien dat de CO2-opslach net oer de provinsjegrinzen hinne gean soe, mar ûntduts no dat dat wol it gefal is.
Grinslân en Drinte wolle de opslach wol.