Skoalle Partoer Burgum slagge

21 sep 2010 - 09:57

Basisskoalle It Partoer yn Burgum is de earste skoalle yn Fryslân dêr't alle learkrêften in sertifikaat hawwe dat se it Ingelsk goed behearskje. De learkrêften ha fia it Europeesk Platform in kursus dien om har Ingelsk op in heger nivo te krijen.

Dat platform stimulearret de ynternasjonalisearing fan it ûnderwiis. Basisskoalle It Partoer is ûnderdiel fan it Netwerk Drietalige Scholen. Njonken Nederlânsk en Frysk krije de bern dêr ek les yn it Ingelsk.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)