Jonge fytsedieven oanholden

03 apr 2012 - 10:27

De plysje hat yn Drachten twa jonge fytsedieven oppakt. Surveillearjende plysjes seagen de jonges fan 14 en 15 jier rinnen mei in bernefytske. Doe't de jonges de plysjes yn 'e gaten krigen goaiden se it fytske fuort en besochten út te naaien. Dat slagge lykwols net.

De beide jonges binne meinaam nei it buro. Dêr die bliken dat se it fytske stellen hiene by in supermerk yn it sintrum fan Drachten.

Trefwurden: 
fytsedieven
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)