Nije ploech Thijsje Oenema

20 sep 2010 - 19:56

Thijsje Oenema fan De Jouwer hat in kontrakt tekene by de reedridersploech dy't sponsore wurde troch it Grinzer fersekeringskantoar Anker Verzekert. Neist Oenema sitte ek Sophie Nijman en Ingeborg Kroon yn 'e ploech. As jonge talinten binne Irene Schouten en Linda de Vries taheakke.

De trainers Erwin ten Hove en Dennis van der Gun binne bliid dat der wer in sponsor is dy't it frouljusriden nei in heger nivo bringe wol.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)