Kruiswijk yn basis Hearrenfean

20 sep 2010 - 17:04

Arnold Kruiswijk makket tiisdei syn debút yn de basis fan SC Hearrenfean. Yn it bekerduel yn en tsjin Emmen mei hy nei in knibbelblessuere foar it earst yn de basis begjinne. Syn debút kostet Youssef El Akchaoui syn basisplak. Calvin Jong-A-Pin ferhuzet nei de linksbackposysje.

Fierder begjinne ek Michal Svec en Geert Arend Roorda foar it earst dit seizoen yn de basis. Sy ferfange Mika Väyrynen en Filip Djuricic. De Serviër foel freed blessearre út.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)