'Gjin geskel op it sportfjild'

© Omrop Fryslân
Skellende âlden oan de kant fan it sportfjild moatte yn 'e takomst in tydlik ferbod krije op it sportkompleks. Dat skriuwe alve sportbûnen yn in manifest dat se oanbiede oan de minister fan sport.
De oerlêst fan skellende âlden wurdt neffens de bûnen in grut probleem foar bern en skiedsrjochters. Ferienings kinne hjir dreech tsjin optrede omdat de âlden faak gjin lid fan 'e feriening binne. Neffens it manifest moatte âlders skorst wurde kinne.