Langelille hannelsdoarp fan NL

Ynwenners Langelille binne tige warber op Marktplaats
Langelille is it hannelsdoarp fan Nederlân. Dat docht bliken út sifers fan feilingwebside Marktplaats.nl. De 250 ynwenners fan it doarp yn Weststellingwerf hannelje it meast fan hiel Nederlân. It doarp nimt de titel oer fan Almere. Ut sifers fan Marktplaats docht ek bliken dat Friezen it meast hannelje yn âlde aansichtkaarten, knuffelbisten of se biede har oan as kompjûterekspert.
Friezen ûnderhannelje mar kwalik oer de priis fan in auto of in keuken.