Wetter Vitens net langer giel

20 sep 2010 - 14:47

It drinkwetter yn it midden en súdwesten fan Fryslân wurdt kleurleas. Op it stuit is it noch giel of hat it in wat gielige kleur. Dat komt omdat it wetter út in feangebiet oppompt wurdt. In net skealike humussoer soarget foar de kleur.

Troch in nije suveringstechnyk dy't wetterbedriuw Vitens ûntwikkele hat kin it no al út it drinkwetter helle wurde. Ein septimber moat hiel Fryslân wer kleurleas wetter ha.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)