Teaterfoyer ynpakt yn karton

20 sep 2010 - 11:51

De foyer fan teater De Harmonie yn Ljouwert feroaret dizze wike yn ien grutte kartonnen doaze. Alteast, sa sil it der útsjen. Mei-inoar in kilometer oan karton sil brûkt wurde om alle muorren en pilaren yn te pakken.

Keunstner Bouke Groen is frege de foyer oan te klaaien foar it Freeze Festival dat op sneon 25 septimber hâlden wurdt. Hy brûkt dêr karton foar omdat dat goed te bewurkjen is en relatyf goedkeap.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)