Plysje trapearret drankriders

De plysje hat sneintenacht it rydbewiis fan twa drankriders ynnaam. Ien fan de bestjoerders, in Lekkumer (37), besocht út te naaien. De plysje woe de man yn Ljouwert oan de kant sette, mar dy joech gas. De man sette de auto lang om let by it Hoeksterend oan de kant en gie rinnend fierder. Nei in koarte sykaksje koe de plysje him oanhâlde.
In Grouster (41) hie safolle drank sadat hy op de Reinerswei by Grou mei de auto yn de sleat bedarre.