Hylper ferwûne by auto-ûngelok

20 sep 2010 - 09:59

Op de Wymerts by Molkwar is sneon in man út Hylpen (35) slim ferwûne rekke by in autoûngelok. De man út Hylpen siet by in stedsgenoat yn de auto.

Dy hie krekt twa auto's ynhelle en kaam mei ien fan 'e tsjillen yn de berm terjochte. Dêrnei ferlear hy de macht oer it stjoer. De auto botste tsjin trije beammen en bedarre midden op de dyk. De man út Hylpen hie de gurdel net om en waard út de auto slingere. Hy hat syn bonken op ferskate plakken brutsen.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)