Frou en trije bern ferwûne

20 sep 2010 - 09:34

In 41-jierrige frou fan Súdhorn en har trije bern binne sneintejûn licht ferwûne rekke by in iensidich ûngelok by It Hearrenfean. Op de ferbiningsdyk tusken de A32 en de A7 rekke de frou de macht oer it stjoer kwyt.

De auto bedarre yn in groppe. De minsken yn de auto binne nei it sikehûs brocht.

Trefwurden: 
argyf
(advertinsje)