Frysk sylsúkses op NK

19 sep 2010 - 17:24

Fryske silers hawwe mei twa Nederlânske titels in súkselfol iepen Nederlânsk kampioenskip syld. Op 'e Iselmar by Medemblik waard Roelof Bouwmeester Nederlânsk kampioen yn 'e Laser Standardklasse.

Pieter-Jan Postma is foar de tredde kear Nederlânsk kampioen wurden yn 'e Finnklasse. Hy wûn sân fan 'e acht wedstriden. Marit Bouwmeester is by de froulju twad wurden yn 'e Laserradial. Se stie lang earste, mar joech dat plak út hannen yn 'e lêste race.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)