Lemster smyt fyts yn wetter

19 sep 2010 - 15:32

De plysje hat sneontenacht in 24-jierrige Lemster oppakt foar fandalisme. In plysje seach dat de man op 'e Koartestreek in fyts yn it wetter smiet. De plysje spruts him oan en sei dat er de fyts der wer úthelje moast. Dat wegere er en hy waard lestich. Oare Lemsters hawwe de fyts by einsluten út it wetter helle.

De fertochte moast mei nei it plysjeburo. Dêr krige er proses-ferbaal. Dêrnei mocht er wer nei hûs ta.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)