Fries wrâldkampioen karten

19 sep 2010 - 15:29

De 15-jierrige Nyck de Vries fan Snits is sneintemiddei wrâldkampioen karten wurden. Yn it Spaanske Zuera bleau er de Brit Jordan Chamberlain en de Deen Nicolaj Möller Madsen krekt foar. Earst yn 'e lêste fan de achttjin ronden pakte De Vries it foarste plak.

De Vries rydt sûnt in pear moanne foar it ferneamde raceteam fan McLaren.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)