Koperen stroomkabels stellen

19 sep 2010 - 14:56

Ut in transformatorstasjon oan de Uraniumwei op It Hearrenfean binne freedtenacht koperen kabels stellen. Dy nachts wie der in stroomsteuring yn in part fan It Hearrenfean. In monteur fan it elektrisiteitsbedriuw ûntduts de stellerij. Om it hokje yn te kommen, wie in doar iepenbrutsen.

Letter die bliken dat út in gebou dêrnjonken ek koper stellen wie. In part dêrfan lei klear foar ferfier. De technyske resjerzje hat in spoare-ûndersyk dien

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)