Theo Pijper twadde op WK

It WK-poadium mei Theo Pijper (links)
Theo Pijper is twadde wurden yn de einstân fan it wrâldkampioenskip gersbaanracen. Yn de sechsde en lêste wedstriid yn it Tsjechyske Marianske Lazne helle Pijper de A-finale net. Hy waard achtste. Joonas Kylmäkorpi út Finlân die it noch minder. Hy waard trettjinde, mar syn foarsprong wie grut genôch foar de wrâldtitel.
Jannick de Jong sakke troch syn 15e plak nei it njoggende plak yn de einstân. Hy moat him no takom wike yn Finlân pleatse foar it WK fan 2011.