Elma de Vries earste op Skylge

19 sep 2010 - 13:23

Fries-om-utens Elma de Vries fan Meppel hat sneon op Skylge de finale fan de KPN Inline Cup, in skeelerwedstriid oer 34 kilometer wûn. Se fersloech yn de sprint fan 'e Brandaris-classic Manon Kamminga fan Haulerwyk en Hilde Goovaerts. By de manlju wûn Gary Hekman út Hardenberg de race oer 46 km, foar Drachtster Mark Horsten.

Crispijn Ariëns fan It Hearrenfean wûn it einklassemint by de manlju, de Belgise Hilde Goovaerts by de froulju.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)