Ja of nee tsjin Middelsee

19 sep 2010 - 11:21

De gemeenteried fan It Bilt moat op 7 oktober ja of nee sizze tsjin fierdere gearwurking mei de Middelseegemeenten. Neffens boargemaster en wethâlders is dat it momint fan 'e wierheid.

De gemeenten Menameradiel, Ferwerderadiel, Ljouwerteradiel en It Bilt wolle net de lapen gearsmite, mar mei behâld fan selsstannigens gearwurkje. Om dy gearwurking foar de kommende trije jier stâl te jaan, moat der 160.000 euro op it kleed komme.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)