Pietersma achtste yn Groesbeek
Jelmer Pietersma hat sneon by it NK maraton foar mountainbikers yn Groesbeek in teloarstellende achtste plak helle. De 28-jierrige ynwenner fan Balk siet lang foaroan yn de kopgroep, mar foel. Pietersma koe dernei net mear by de earste manlju oanpikke yn 'e wedstriid oer goed 42 kilometer.
It mountainbike-seizoen duorret noch in pear wike.