Psychyske problemen by boeren

Argyffoto Omrop Fryslân
Ien op 'e fjouwer boeren sit yn psychyske en finansjele need. Dat docht bliken út in ûndersyk fan boere-organisaasje LTO en it NCRV-televyzjeprogramma Rondom Tien ûnder trijetûzen boeren. In grut part jout oan eins mear skulden te hawwen as sûn is. Ien op 'e trije seit dêr faak soargen oer te hawwen.
Wol binne de boeren opmerklik posityf oer de takomst. Yn it boerebedriuw is noch genôch te fertsjinjen as jo mar ûndernimmend binne, fine se.