Kuierder fan A32 helle

In 27-jierrige Libiër is freedtemiddei fan de A32 helle, omdat er op de sneldyk rûn. Ferskate automobilisten hiene de plysje warskôge. De Libiër fertelde de plysjeminsken dat er ûnderweis wie nei syn ferbliuwplak Burgum. Omdat er gjin jild hie foar iepenbier ferfier, soe de man rinnende oer de fjouwerbaans dyk It Hearrenfean-Ljouwert de kant fan Burgum út.
De plysje hat de man meinaam nei it buro en in bekeuring jûn.