H'fean ferliest yn Doetinchem

17 sep 2010 - 23:04

Sportklup Hearrenfean hat de útwedstriid tsjin De Graafschap mei 3-2 ferlern. De Feansters kamen wol op foarsprong troch in prachtige knal fan Christian Grindheim. Noch foar it skoft makke Muslu Nalbantoglu gelyk.

Krekt nei de pauze sette Rydell Poepon de thúsklup wer op foarsprong, mar Oussama Assaidi brocht de stân fluch wer yn lykwicht. Poepon makke mei syn twadde goal úteinlik dien wurk foar De Graafschap. Oer dy tsjinslach kaam de ploech fan Ron Jans net mear hinne.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)