SC Cambuur ferliest wer thús

Stanley Menzo
Sportklup Cambuur hat freed foar de twadde kear op rige in thúswedstriid mei 1-0 ferlern. Nei it ferlies tsjin AGOVV wie no Veendam te sterk foar de Ljouwerters. It doelpunt foel 30 sekonden foar tiid en waard makke troch Marnix Kolder. Foar Veendam wie it de earste oerwinning fan it seizoen.
Foar it doelpunt hie Cambuur kânsen om op foarsprong te kommen. Reza Ghoochannejhad wie der noch it tichtst by, mar hy rekke de latte. Cambuur is troch it ferlies sakke nei it 5e plak.