Doarpshûs De Pein opknapt

17 sep 2010 - 20:55

Sneon iepenet doarpshûs De Wringe yn De Pein de doarren nei moannen fan ferbouwing. Troch it grutte tal ferienings dat gebrûk makket fan it gebou wie it jaske eins al in skoftsje te krap.

Yn april waard besletten ta in flinke útwreiding. Sa is der in spesjale romte makke foar de biljerters en hat de toanielferiening der flink wat kante meters by krigen. Ek binne der in nije bar en keuken kaam.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)