"Problemen mei OV-Chip"

17 sep 2010 - 20:48

Neffens GrienLinks binne der in soad problemen yn it Fryske iepenbier ferfier om't de OV-chipkaart noch net yn alle bussen brûkt wurde kin. As minsken dan gjin jild of strippekaart by har hawwe meie se net meiride. De Steatefraksje fan GrienLinks hat dêrom in webside iepene wêrop't minsken harren klachten dêroer kwyt kinne.

Neffens GrienLinks giet der in soad mis wylst der nei 1 desimber allinnich noch mar mei de OV-chipkaart betelle wurde kin yn de bus.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)