Pieter Stuyvesantkuierpaad nij

De iepening fan de kuierpaden wie in grutte happening
De gemeente Westellingwerf hat der in attraksje by. Freed binne yn Wolvegea de Pieter Stuyvesantkuierpaden iepene. It giet om 13 rûtes tusken de 10 oant 15 km dy't kuierders oer besteande paden troch Westellingwerf fiere.
It is in inisjatyf fan de Lionsklup Wolvegea, dy't de rûtes útseten foar kaarten en oare ynformaasje soarget. Ien fan de kuiertochten is spesjaal makke foar minsken mei in beheining. De opbringst fan de kaartferkeap giet nei Jump.