Monumint foar plysje De Jong

17 sep 2010 - 16:09

Yn de tún fan it gemeentehûs fan Beetstersweach is freed in monumint ta oantinken oan plysjeman Wytze de Jong ûntbleate. De Jong waard op 6 febrewaris 1974 yn Beetstersweach deasketten, doe't er fanwege syn wurk yngripe woe by in rúzje.

Hy waard dêrby troch ien fan de rûzjemakkers yn it hert sketten. De Jong is oant no ta de iennichste plysjeman dy't sûnt de Twadde Wrâldoarloch yn Fryslân troch geweld om it libben kaam is.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)