Treinramp: De Groot wachtet

17 sep 2010 - 15:15

De famylje De Groot wit noch hieltiid net hoe't de treinramp finansjeel ôfrinne sil. De fersekering hat noch net útkeard, want de eksperts binne it net iens oer hoe grut de skea is.

Yn de nacht fan 25 op 26 july davere in ûnderhâldstrein dwers troch de wettersportwinkel fan famylje De Groot. De ravaazje wie tige grut. De skea wurdt rûsd op ûngefear in miljoen. De Groot is fersekere, mar wit noch net hoe't it ôfrinne sil. Syn saak sit no yn in needwinkeltsje.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)