AZC Appelskea ticht

De lêste bewenners ferlitte it asylsikerssintrum
It asylsikerssintrum yn Appelskea is fan freed ôf definityf sletten. De 500 asylsikers dy't dêr wennen hawwe ferspraat oer hiel Nederlân in oar ûnderkommen fûn. De lêste bewenners giene freedtemoarn fuort nei harren nije lokaasje.
It azc hat tsien jier yn Appelskea stien. It opfangplak giet ticht omdat de oerienkomst mei de gemeente Eaststellingwerf ôfrûn is. De steancaravans gean nei alle gedachten tsjin de flakte.