Teloarstelling oer 'flister'

De Rouwe is fernuvere oer it mislearjen fan de proef
De proef mei it 'flistersysteem' is mislearre en wurdt dêrom net ynfierd, seit steatssiktaris Bijleveld. Mei dit systeem soene helpferlieners fan plysje, brânwacht en ambulânse earder te plak wêze kinne, omdat de sirenes ek te hearren binne op 'e autoradio. Neffens frou Bijleveld soe der lykwols gjin posityf effekt wêze.
Roel Barkhof fan UMCG Ambulancezorg Nederland begrypt neat fan de Steatssiktaris. Neffens him binne de ûnderfinings mei 'flister' wol goed.