'Plysjeplan min foar Fryslân'

17 sep 2010 - 12:16

It akkoart dat it nije kabinet sletten hat oer it ynfieren fan nasjonale plysje is min foar Fryslân. Dat seit korpsbehearder Ferd Crone. VVD, CDA en PVV wolle it tal plysjekorpsen werombringe fan 24 nei 10.

Dizze 10 steane net mear ûnder de lieding fan boargemasters as Crone mar ûnder de nije minister fan feilichheid. Ek moatte der 3.000 aginten bykomme. Ferd Crone en ek syn kollega-korpsbehearders binne kritysk oer it foarnimmen fan it nije kabinet.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)