Gjin eigen blêd provinsje

17 sep 2010 - 12:05

Der komt gjin glossy fan de provinsje Fryslân. Kommissaris Jorritsma hie earder dit jier it plan oppere om in provinsjale hûs-oan-hûskrante út te bringen, mar dat soarge al gau foar krityk út de steaten.

Tsjinstanners seagen it blêd as in glossy dat bedoeld is om de segeningen fan it provinsjaal bestjoer út te suteljen. Dat wie net de bedoeling, sa seit wurdfierder Marcel de Jong, mar likegoed komt der gjin hûs-oan-hûsblêd fan de provinsje.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)