Man (73) ferwûne by ûngelok

17 sep 2010 - 10:00

In 73-jierrige Wytmarsumer is tongersdei by in ûngelok yn Tsjerkgaast ferwûne rekke. De man waard net goed, nei alle gedachten omdat er in te leech bloedsûker hie.

Hy ferlear de macht oer it stjoer en botste tsjin in beam. Helptsjinsten hellen de man út syn auto en brochten him nei it sikehûs fan Snits.

Trefwurden: 
argyf
(advertinsje)