Mear drankriders Dongeradiel

© Omrop Fryslân
It tal ûngefallen yn Dongeradiel wêrby't drank yn it spul wie is foarich jier tanommen. Dat sei plysje-sjef Gerrits justerjûn yn in fergadering fan in gemeentlike riedskommisje.
Dochs is de mienskiplike feilichheidsoanpak yn Noardeast-Fryslân súksesfol. Neffens de plysje blykt út de sifers dat it tal meldings fan oerlêst en wenningynbraken sterk weromrint.