Fredeswake yn Drachten

Aksjefierders yn Drachten (foto: Omrop Fryslân)
'Buurten voor Vrede', dat is it motto foar de wike fan de frede dy't no sneon útein set. Tongersdeitejûn waard dêrom al in fredeswake hâlden yn Drachten. Fyftjin demonstranten fan de fredesgroep Drachten en omkriten hâlden in aksje tsjin oarloch en lyts geweld.
Mei flaggen en spandoeken besochten se de oandacht fan it publyk yn de winkelstrjitte te lûken. De measte minsken hiene lykwols gjin tiid foar de wake.