Lúkswâld benaud foar takomst

16 sep 2010 - 22:33

De ynwenners fan it doarp Lúkswâld binne tongersdei massaal ôfkaam op de ynformaasjejûn oer it fisydokumint fan de gemeente Opsterlân.

Yn dat dokumint wurde de gefolgen fan de befolkingskrimp op de takomst fan de gemeente besjoen. Yn it dokumint stiet dat it doarp Lúkswâld der yn els gefal fanút gean moat dat se harren skoalle kwytreitsje. Dêr binne de ynwenners fan it doarp it net mei iens. Yn desimber wurdt der yn de rie praat oer it fisydokumint.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)