Fearboat Skylge fart stadiger

Minsken dy't mei de fearboat nei Skylge geane, moatte der de kommende tiid rekken mei hâlde dat se langer ûnderweis binne. Troch in technyske steuring by Ms. Friesland fart de boat stadiger. Rederij Doeksen tinkt dat de steuring ein nije wike ferholpen is. Oant dy tiid is de tsjinstregeling net sa't dy oars is.
Passazjiers fan wa't Doeksen in telefoannûmer of emailadres hat, krije persoanlik berjocht. De sneltsjinst fart gewoan neffens de tsjinstregeling.