Aksjegroep Zwarte Hand aktyf

Heal Drachten sit fol mei ôfdrukken fan swarte hannen. Se binne te finen by it UWV, WoonFriesland en yn in tunneltsje op de Knobben. Ferantwurdlik is aksjegroep De Zwarte Hand, dy't seit op te kommen foar de belangen fan de ynwenners fan Drachten. It is lykwols net bekend wa't yn de groep sit, want De Zwarte Hand wol anonym bliuwe.
Manager Tjitske Damstra fan WoonFriesland fynt it spitich dat de aksjes anonym dien wurde.