Mega-oarder skipswerf Strobos
Skipswerf Barkmeijer Strobos hat in mega-oarder binnenhelle. It bedriuw hat opdracht krigen om trije saneamde Pilot Station Vessels te bouwen. Dat binne skippen dy't grutte seeskippen helpe om havens yn te farren.
De trije Vessels ferfange de âlde loadsskippen dy't no noch brûkt wurde. Dy binne al 30 jier âld en oan ferfanging ta.