Fryske skoallen bot ferbettere

De kwaliteit fan it Fryske basisûnderwiis is bot ferbettere. Dat meldt de provinsje op basis fan sifers fan de Underwiisynspeksje. It tal hiel swakke skoallen gie fan 26 nei 7, it tal swakke skoallen fan 70 nei 47.
Neffens de provinsje komt dat ek troch it provinsjale projekt Boppeslach. Dat wie krekt bedoeld om de kwaliteit yn it basisûnderwiis te ferbetterjen. Deputearre Steaten wolle dêrom de kommende tiid noch 10,6 miljoen euro beskikber stelle foar it projekt.