Brommerrider rydt yn sleat

16 sep 2010 - 10:17

In 45-jierrige ynwenner fan Peins is woansdei ferwûne rekke by in ûngelok yn Skingen. De man siet op in brommer en rekke yn in bocht de macht oer it stjoer kwyt. Hy bedarre mei de brommer yn in sleat. Hy rekke ferwûne oan de skonken en wie ûnderkuolle doe't er út it wetter helle waard.

De man is mei de ambulânse nei it sikehûs fan Ljouwert brocht.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)