Brân It Fean troch sigaret

16 sep 2010 - 10:01

De brân op It Hearrenfean, wêrby't in wike lyn in man om it libben kaam, is nei alle gedachten ûntstien troch in sigaret. Ferline wike tongersdei bruts brân út yn in hûs oan de Van Dekemalaan op It Hearrenfean. De 63-jierrige bewenner fan it hûs kaam dêrby om it libben.

De technyske resjerzje die spoare-ûndersyk en spruts mei tsjûgen en omwenners. Dêrút docht bliken dat de brân ûntstie yn de wenkeamer, wierskynlik troch in sigaret.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)