Boek oer sirkus Witova

16 sep 2010 - 09:54

Gustavo en Josselin Witteveen út Hallum hawwe woansdei it earste eksimplear fan it boek 'Ons eigen circus' krigen. Dêryn beskriuwt Harm Witteveen syn libben en de skiednis fan syn sirkus Witova dat sa'n trittich jier lyn oprjochte is.

Der is twa jier oan wurke troch Harm. Wol mei help fan oaren want troch de spiersykte ALS koe Harm net mear skriuwe en letter ek net mear prate. Mar hy is noch hieltyd goed by de tiid en der wienen in soad foto's.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)