"Mûlesoarch ûnder de maat"

15 sep 2010 - 21:06

De mûlesoarch yn Fryske ferpleechhuzen is ûnder de maat. It Centrum foar Bijzondere Tandheelkunde yn it MCL yn Ljouwert is dêrom begûn mei in kursus, bedoeld foar fersoargers yn ferpleechhuzen.

Previnsje-assistinte Astrid Kuiper fynt dat de mûlesoarch yn ferpleechhuzen net goed is. Dat is ekstra ferfelend, omdat de bewenners fan dy tehuzen faak in tige kwetsbere groep foarmje. In sûn gebit is goed foar it wolwêzen fan de bewenners.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)