Iepenloftspullen geane oer
It iepenloftstik Pake Sytse op De Feanhoop giet woansdeitejûn net troch yn ferbân mei it minne waar. De ferfangende foarstelling wurdt snein om 16.00 oere spile.
Ek it iepenloftspul It Feest yn de notaristún yn Jorwert is foar woansdeitejûn ôfsein fanwegen it waar. Tongersdei 16 septimber is de earste reservejûn.